Fryske jonge fuotballers dupearre

23 jun 2018 - 15:16
Foto: Omrop Fryslân

Der binne troch it fallissemint fan Schalke Auf Tournee tal fan Fryske jonge fuotballers dupearre. It bedriuw dat it evenemint organisearret komt út Haulerwyk en is fallyt. Alden fan de dupearre bern kinne gjin kontakt krije mei it bedriuw. Fia de mail ha se allinnich in mail krigen.

It ynlisjild is al wol hielendal betelle. It Schalke Auf Toernee evenemint is in fuotbalclinic fan ien, twa of trije dagen mei ûnder oaren in besite oan it stadion fan Schalke 04. Under oaren by fuotbalclub VV Langezwaag binne bern dy't harren opjûn hiene foar de clinic en ek by VVWWS út Wurdum binne tal fan bern dupearre.

(advertinsje)