Zanger Rinus stiet foar in riedsel: wêrom binne syn klips net mear op YouTube te sjen?

23 jun 2018 - 14:08

Guon klips fan Zanger Rinus binne op YouTube miljoenen kearen besjoen. Mar dat kin net mear. Al in wike lang krije belangstellenden in swart byld te sjen. "Deze video bevat content van rinuszingt en is niet beschikbaar in je land" stiet der by. Zanger Rinus begrypt der neat fan.

Manager Dennis Franke stiet ek foar in riedsel. "We kregen de eerste melding van Rinus. Die had van zijn buurvrouw te horen gekregen dat zijn clips het niet meer deden. Toen heeft hij mij gebeld. Vanaf dat moment heb ik geprobeerd om YouTube te bereiken. Dat is onmogelijk. We zitten met de handen in het haar."

Foar dejinge dy't derfoar soargje kin dat de klips wer online komme, hat Zanger Rinus in beleanning yn it foarútsjoch steld: in optreden, fan Rinus sels. Fergees. Mar sels dat hat oant no ta noch neat opsmiten.

Harm Weistra bellet yn Weistra op wei mei manager Dennis Franke fan Zanger Rinus

Dat de klips net mear te sjen binne, komt wol op in hiel ferfelend momint, sa ûnder it WK fuotbal, seit Franke. It nijste nûmer fan Rinus giet oer it Belgysk fuotbalalvetal, de Rode Duivels. "Maar nog voor het eerste doelpunt van de Belgen was die hit offline."

Trefwurden: 
Drachten Zanger Rinus YouTube
(advertinsje)
(advertinsje)