Fiskkream Harns moast wike foar parkearplakken supermerk

23 jun 2018 - 12:46

De fiskkream op it parkearterrein fan de Jumbo yn Harns mei net langer op dat plak bliuwe. Se moatte op 1 desimber takom jier fuort. De famylje Visser is hast tsien jier ferlyn mei de fisksaak ferhuze nei Harns. De kream stiet der al langer, al hast 35 jier.

Ferslachjouwer Ronnie Porte stiet by de fiskkream yn Harns

Jumbo wol de romte brûke foar parkearplakken en hat de fiskferkeapers in brief stjoerd en it hierkontrakt opsein. Se binne ferbjustere en hawwe in advokaat yn de earm naam. In meiwurkster fan de fiskkream wol in petysje begjinne.

Foto: Omrop Fryslân. Michel Kuiper
(advertinsje)