Wrâldpremjêre Redbad op Ljouwerter Saailân: paraplu's en alkohol ferbean
In grut part fan de cast fan de film Redbad is sneontejûn yn Ljouwert by de iepenloft-premjêre fan de film. Op it Saailân is romte foar in pear tûzen taskôgers. De organisaasje advisearret oan dizze minsken om waarme klean of in tekkentsje mei te nimmen. Paraplu's en alkohol binne net tastien.
It foarprogramma begjint om in oere of njoggen, en om healwei alven begjint de fertoaning fan de film. Fan 28 juny ôf draait Redbad yn de Nederlânske bioskopen.