"In healjier ticht is fierstente lang foar kafee Prins"

23 jun 2018 - 11:38

Eigener Melle Prins wol al it mooglike dwaan om de sluting fan it kafee yn Kollumersweach werom te draaien. Yn in taspraak op de lêste jûn dat it kafee iepen wie, toande er him striidber tsjinoer it stappersfolk. De gemeente hat it kafee foar in healjier sletten, mar neffens Prins is dat fierstente lang.

Foto: Omrop Fryslân

Der wiene tongersdei hûnderten minsken doe't it kafee foar it lêst iepen wie. "Ik krij hjir in ûntychlik waarm gefoel fan dat jim hjir allegearre binne," sei Prins. Hy wie oandien troch de belangstelling. "Ik krij der net folle wurden út."

It is ferskriklik wat dy man docht, we moatte stride!

Melle Prins

Neffens boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân wurdt yn it kafee yn drugs hannele, en komme der ek minderjierrigen. Dêrom hat er de doarren sletten. Pas oer in healjier mei it kafee wer iepen, al kin de eigener nei fjouwer moannen al in fersyk by de gemeente yntsjinje om de doarren wer te iepenjen. Dan moat der wol in goed plan wêze om nije fersteuringen foar te kommen. Dêr giet de boargemaster oer.

"It is gewoan ferskriklik wat dy man docht", seit Prins. De sluting fan seis moannen is him te lang. Hy leit him der net by del. "We moatte gewoan stride foar dat it earder is as dy seis moannen. En dat lukt. Dat wit ik hûnderttûzen prosint seker." Dêrnei sette de dj de muzyk wer oan. Queen. Mei 'Don't Stop Me Now'.

De gemeente seit dat de eigener fan it kafee meardere kearen op syn ferantwurdlikens wiisd is oangeande it hâlden fan tafersjoch, it bewaken fan de iepenbiere oarder en it bieden fan feiligens oan de - faak minderjierrige - besikers.

Melle Prins hat earder dizze wike al by de rjochter besocht om de sluting foar te kommen. De rjochter hie op sa'n koarte termyn net genôch gegevens om it beslút fan de gemeente werom te draaien. Oer twa wiken stean Prins en de gemeente wer tsjinoer inoar. Dan wurdt opnij besjoen oft de sluting yn stân bliuwt, of dat it kafee dochs wer iepen mei.

Trefwurden: 
Kollumersweach kafee Prins
(advertinsje)