Berne-iepenloftspul: de premjêre fan Alice yn Wûnderlân

De donkerreade prûk mei gouden kroantsje wurdt op de holle fan Mayte skood. Har reade jurk en wangen ferriede dat se de Reade Keninginne spilet yn it stik Alice yn Wûnderlân. Echt nerveus is se net, want de generale hawwe se al achter de rêch. Alice, spile troch Mette, fynt it wol tige spannend. Mar har tonge jokket no net, dat betsjut neffens har dat se har senuwen ûnder kontrôle hat. De lêste hân wurdt lein oan de kostúms, smink en dekôrstikken.
Ik haw der gewoan in hiel soad sin yn. Wy hawwe hjir sa lang nei ta wurke.
Sjoerd Blom, regisseur
Wat gjin ien op dat stuit wit, is dat swiere, grize loften byinoar komme sille boppe Easterwierrum en de rein al nei in pear sênes it iepenloftspul platleit...
Ferslachjouwer: Johanna Brinkman
Spanning foar de premjêre fan Alice yn Wûnderlân
Eefkes nei healwei njoggenen begjint de foarstelling. Yn de earste sêne is Alice har kat Dinah kwyt en sit se gûlend op bêd. Har heit sit njonken har en besiket har derfan te oertsjûgjen dat Dinah wol weromkomt. Alice moat mar besykje te sliepen. En har eigen dreamen dreame, want 'dat is hielendal net raar', seit har heit.
Dit is it momint wêrop't de fantasy loskomt. In pratend en sjongend knyn wurdt troch har heit njonken Alice op bêd lein. De dreamwrâld dêr't Alice dan yn telâne komt, lit in ferskaat oan personaazjes sjen. De kleurrike kostúms fan in tal spilers feroarje om 'e haverklap en it fleksibele dekôr nimt it publyk hieltyd mei fan de ien yn de oare fantasywrâld.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
De loft is griis en mei sa'n 14 graden is it fris op de tribune. It hat der net foar soarge dat it publyk thúsbleaun is. Sawat alle bankjes sitte fol en op de earste rige sitte in pear minsken dy't sels harren túnstoel mei kessentsje meinomme hawwe. De sfear sit der goed yn op it fjild njonken doarpshûs De Tysker.
Mar nei de earste tsien minuten begjint it te drippen. Al gau wurdt dúdlik dat der net fierder spile wurde kin. De stjoerders foar it lûd kinne net oer reinwetter. De bern sprinte it poadium ôf en sykje ûnderdak yn it doapshûs. Nei in koart skoft begjinne de spilers opnij oan de sêne dy't sa abrupt ta in ein kaam is.
Mei itselde entûsjasme spylje de bern fierder. Alice draacht it ferhaal en nimt elkenien fuortendaliks wer mei yn har dreamwrâld. Mar op it momint dat de blauwe rûp oan Alice freget 'Wêr bisto?' en it orakulum oan de oarder komt, hâldt de loft it net mear. Yn koarte tiid is alles wiet.
In pear sènes út Alice yn Wûnderlân
Neidat ek it pyblyk yn De Tysker in drûch plak fûn hat, wurdt noch ien kear besocht om fierder te spyljen. Frijwilligers besykje it poadium drûch te meitsjen, mar kinne net foarkomme dat Alice achteroer falt as se oanrinnen komt. Profesjoneel as Mette is, spilet se troch. Ek dy sêne kin troch de rein net ôfmakke wurde.
It is klear. It boadskip is dúdlik. De spilers moatte nei binnen en it publyk wurdt frege om de oare dei werom te kommen. De reservedatum fan de premjêre wie al pland op freedtejûn. Dan wurdt better waar ferwachte.
Spitich dat de wûndere wrâld fan Alice krekt nei healwei tsienen yn it wetter falt. Yn dy koarte tiid binne de bern der wol yn slagge om de fantasy fan it publyk oan te sprekken en mei in glimk op it gesicht nei hûs te gean. Dit foarpriuwke smakket nei mear wûnderlân.
Troch reinwetter moat de premjêre earder stopje