Iepenloftspul Rêdbâd: in ympresje

It is wat sykjen ast net út de buert komst. Mar mei help fan Google Maps en twa kear freegjen, ride we om healwei sânen it hiem fan Sake van der Wal op. It is drok. Yn ien fan de loadsen fan it hofkersbedriuw oan de Patrimoaniumwei is de spilersploech har oan it klearmeitsjen foar de earste technyske trochrin fan Rêdbâd. It grutte teäterspektakel dat de kommende wiken acht kear opfierd wurdt yn de nije teätertún fan Broeksterwâld, is folslein útferkocht.
Repetysje yn de teätertún fan Broeksterwâld. Foto: Albert Jensma © omrop fryslan
Sa'n 120 entûsjaste spilers, dekôrbouwers en naaisters binne sûnt novimber dwaande mei de tarieding fan it stik. "Wat it publyk te sjen kriget? Spektakel", seit regisseur Tiffany van der Wal, de dochter fan Sake. Hynders, fjoer, fjochtsjen, boaten en flotten op it wetter en in leafdesskiednis. "We hawwe besocht alles sa echt mooglik nei te meitsjen. We wolle it publyk hielendal werombringe nei de tiid wêryn't dit ferhaal spilet, om it jier 700 hinne. Dat se echt fiele, hoe't it wie om doe yn Fryslân te libjen."
De 29-jierrige regisseur hie noch nea fan Redbad heard, mar doe't se in pear jier lyn tafallich de roman Redbad, kronyk fan in kening fan Willem Schoorstra oer it libben fan Redbad yn hannen krige, wie se fuort ferkocht. Hjir soe en moast se in teäterstik fan meitsje. En dan leafst yn de nije teätertún fan har heit.
Wat it publyk te sjen kriget? Spektakel!
Tiffany van der Wal, regisseur

De tún

Want úteinlik begjint dit aventoer fjouwer jier lyn, as Sake van der Wal, by him achterhûs in stik lân keapje kin. It like him wol wat, om der in park oan te lizzen. In soarte fan iepenbiere doarpstún. En omdat Sake ek in toanielman is, komt it plan yn him op om der dan gelyk ek mar in teätertún fan te meitsjen. No fjouwer jier letter, leit der in prachtich park mei mear as 500 ferskillende planten, beammen, kuierpaden en wetterpartijen. En dizze tún is no it natuerlike dekôr foar it earste iepenloftspul fan Broeksterwâld.
Iepenloftspul Redbad, in ympresje

Dit moat altyd wêze

Oer de legindaryske Fryske kening Redbad, is net folle bekend. "Mar wol mear as fan al dy oare bekende Fryske keningen", seit Willem Schoorstra, dy't der yngreven ûndersyk nei die. Hy skreau yn 2011 in histoaryske roman Rêdbâd, it boek dat Tiffany van der Wal op in dei yn hannen krige en omwurke ta it teäterstik.
Se brocht har plannen mei sa'n enorme drive.
Willem Schoorstra, skriuwer
"Tiffany hie it boek lêzen en woe der graach wat mei dwaan. Se hat my doe frege oft se it brûke mocht, om der in iepenloftspul fan te meitsjen. Ik haw de tún sjoen en fûn it in prachtich plak foar in teäterstik. En omdat se sa entûsjast oer it ferhaal wie en har plannen mei sa'n enoarme drive brocht, tocht ik fuort: dit moat altyd wêze.''

Rêdbâd

It stik fertelt it libbensferhaal fan de Fryske kening Redbad, fertelt Tiffany. "Dat begjint as hy as jonkje fan 10 jier nei in oare rike famylje brocht wurdt, om dêr yn ien jier en in dei, út te groeien ta in sterk en selsstannich man. Hy rekket befreone mei Hadegrim, de ferteller fan it ferhaal. It wurdt syn bêste freon, syn bloedfreon. Tegearre begjinne se plannen te meitsjen om Fryslân grutter, better en sterker te meitsjen.
En as Aldgilles, de heit fan Redbad komt te ferstjerren en Redbad him opfolget, geane se tegearre oan 'e slach om dy plannen út te wurkjen. En dat sille de minsken allegearre meimeitsje. Redbad woe syn Fryslân fernije en modernisearje. Hy lei nije diken oan, stelde nije wetten op skrift, sadat se foar alle Friezen gelyk wiene. De Fryske ienheid wie foar him in wichtige saak, dy moast foaral bestean bliuwe."
Iepenloftspul Redbad film 2
Fryslân wie om it jier 700 hinne in grut en ryk lân. Dat kaam troch de hannel dy't se dreaune. Friezen wiene seefarders. Alle grutte wetters, lykas de Maas en de Rijn wiene yn hannen fan de Friezen. Mar it wie net in rêstige tiid.
Der wie eins konstant maleur mei de Franken, harren buorlju. Dy wiene grutter, machtiger en seagen harsels as opfolgers fan de Romeinen. Se woene de hiele wrâld oerhearskje. Ek Fryslân hiene se op har ferlanglistje. "It ferhaal wie dat se de Friezen kerstenje woene, mar eins wie it efterlizzende doel om yn besit te kommen fan de eigendommen, it lân en de wetters fan de Friezen", seit Schoorstra.
"Redbad hat dat mei hoarten en stjitten keare kinnen. Ik haw my sa goed as mooglik oan de feiten hâlden. Mar hjir komt foar in part myn eigen ynbring. Sa't ik it sjen kin hat hy it gefaar sjoen fan wat dy Franken fan doel wiene. Dus ûnder de flagge fan it kristendom Fryslân feroverje om der sels better fan te wurden".
Iepenloftspul Redbad film 3
Redbad hie in skerp each foar de wrâld en de polityk.
Willem Schoorstra, skriuwer
Dy frijheidsdrang, sels de baas te wêze, fierder sjen en de ynset op hannel, dat karakterisearre de man. Schoorstra: "Hy seach de gefaren, mar ek de mooglikheden. It wie in foarútstribjende man. We wolle mei dit iepenloftspul in stik Fryske skiednis foar it fuotljocht helje, dêr't eins gjinien wit fan hat. En ek sjen litte dat it personaazje fan Redbad net iens sa iendiminsjonaal wie, sa as it oant no ta yn de skiednisboeken nei foaren komt. It byld fan in barbaar dy't de Kristenen hjir net ha woe. Punt. Mar sa ienfâldich lei it net. We wolle mei it stik sjen litte dat der mear efter siet dan allinnich dat. Redbad as in man mei in skerp each foar de wrâld en de polityk en foar minsklike ferhâldings."

Spyldata

Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op Omrop Fryslân's spesjale iepenloftspulside. Hjir fynst eksklusive filmkes, artikels, neibeskôgingen en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2018.