Kollum: "Fiif foar tolven"

23 jun 2018 - 08:15

"Jo hawwe fan dy gasten dêr't jo net om frege hawwe. Se komme samar jo hiem op en beskôgje jo hûs as dat fan harren. Jo kinne der ek net folle oan dwaan, se komme as se der nocht oan hawwe. Fansels kinne jo wat maatregels nimme om harren ynteresse wat te timperjen, mar hielendal in garânsje dat se fuortbliuwe jout dat net. Sa hawwe wy alle jierren op itselde plak in spantsje protters dat besiket de soarte yn stân te hâlden. Dêr hawwe je net it measte lêst fan. Wy hawwe om hûs hinne ek in stik as wat nêstkasten foar sjongfûgels, gewoan omdat it in aardichheid is om te sjen hoe drok oft dy bisten it hawwe mei in fuorjen fan harren neiteam. As zzp'er sjogge jo dat geflean mei in soad werkenning oan as jo even mei in bakje kofje op jo terras sitte.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Dy protters, dêr woe ik it even oer hawwe. Want wy hiene thús op de pleats maitiids altyd in soad protters. Dy skieten de hiele naal fan it dak wyt. Jimme sille it grif noch wol witte fan jierren lyn. No haw ik lêstendeis in pear dagen echt op de pleatsen yn de omkriten letten. Der is hast gjin pleats mear dêr't protters massaal harren nêst meitsje. Dat kin komme omdat der nijerwetske pannen op it dak lizze. Dy slute sa goed oan, dat der gjin fûgel mear ûnder komme kin. Ik freegje my dan wol ôf wêr't al dy protters dan no harren nêst hawwe. Want sels by ús mei âlde pannen bestrutsen dak is de lêste jierren mar ien spantsje dat dêr sit te brieden.

It antwurd op myn fraach tsjinne him sels oan. Wy leine op in nacht lekker te sliepen doe't we ynienen wekker waarden fan in alderheislikst kabaal. Echt wier, it like wol as hiene se in soadsje wylden boppe ús sliepkeamer loslitten. Der davere wat hinne-en-wer en wy leine mei de eagen wiid iepen te harkjen. De dochter waard der ek wekker fan, want de ynvaazje wie achter it dakbeskot en dan is it mar ien wand nei de sliepkeamer.

It trelit duorre net sa lang. Doe waard it wer rêstich. Mar ik koe net mear sliepe, want ik hie wol troch dat we krekt besite hân hiene fan in pearke stienmurden. En dêr sitte jo no net echt op te wachtsjen, ik net teminsten. As dy kringen harren yn jo hûs te wenjen sette, binne je moai yn de prizen fallen. Hjir yn de buert fan Drachten tilt it op fan dy bisten. De krantebesoarger sei dat er se moarns wol oer de dakken rinnen sjocht.

Goed, wy hawwe fuortendaliks maatregels naam en oant no ta hawwe we noch gjin besite wer hân. Mar doe't ik in dei letter middeis even op ús terras siet, seach ik dat de panne dêr't de protters harren nêst hawwe, wat ferskood wie. Dy ferhipte stienmurden helje dus de jonge protters ûnder de pannen wei. As der gjin protters mear binne, hawwe se gjin blykber gjin boadskip mear en litte se ús hûs foar wat it is. Oan de iene kant bin ik dêr bliid om, want jo sille alle nachten mar sa'n opskuor boppe jo slieperij hawwe, mar oan de oare kant is it wol sa dat dy rôvers dus net mear genôch hawwe oan ús greidefûgels, mar sels de sjongfûgels en protters opfrette. Ek de dowehâlders sloegen dizze wike alaarm oer de rôffûgels dy't harren mei soarch fokte dowen opfrette.

Der sil echt wat dien wurde moatte oan de predaasje. It kin net langer sa wêze dat de bistepartijen mei harren radiospotsjes de wierheid ferdraaie en de boargers in ferkeard byld foarspegelje. Nederlân hat gjin selsregulearjende natuer. It is op dizze wize dweilje mei de kraan iepen. Alles wurdt opfretten, mar dat sille de rôfbistefreonen net earder erkenne as wannear't de lêste protter, do en ljip opfretten is. Hooplik sjocht de polityk de needsaak ta drastysk yngripen krekt wat earder."

(advertinsje)
(advertinsje)