Omrop TIP: Mar-athon Snits live te folgjen by Omrop Fryslân

23 jun 2018 - 07:58

Tûzenen kuierders en hurdrinners rinne sneon 23 juny 'in rûntsje om de mar' by de Mar-athon fan Snits. By Omrop Fryslân kinne minsken op radio, telefyzje en online op Omropfryslan.nl en op de Omrop-app. live meigenietsje.

Mar-athon Snits - Foto: Omrop Fryslân

De 'Mar-athon rond Sneek en meer' giet om de hiele Snitsermar hinne. Omrop Fryslân hat sneon oerdei in soad omtinken foar de kuierders. Al by de start is der in ferslachjouwer oanwêzich. Fan 13.00 oere ôf binne de kuierders live te folgjen yn it programma Sneon yn Fryslân.

Ferslachjouwers Timo Jepkema en Johanna Brinkman dogge oant 18.00 oere ferslach fan de tocht. Jûns is der yn Fryslân Hjoed ek omtinken foar de Mar-athon. In earste ympresje fan de hurdrinwedstriid fan sneontejûn komt dyselde jûn al online. Snein folget in langer ferslach, mei de winners, de ferliezers en moaie bylden fan de rinners. Fansels wurdt op snein en moandei ek noch weromsjoen op it evenemint.

Berjochten fia de Omrop-app en sms'kes dy't nei de Omrop stjoerd wurde fia 06 20 499 199, komme de sneontemiddeis foarby op telefyzje. Mear ynformaasje oer it evenemint is te finen op Mar-athon.com.

(advertinsje)