Fryske wurknimmers it faakst lid fan fakbûnen

23 jun 2018 - 07:02

Yn Fryslân en Drinte is de saneamde organisaasjegraad it heechst fan Nederlân. Dat hâldt yn dat fan de Fryske wurknimmers 27 persint lid is fan in fakbûn. It CBS hat ûndersocht hoe't it sit mei de lede-oantallen fan fakbûnen. Dêrneist waard sjoen nei hoe tefreden oft leden mei harren fakbûn binne en hokker belang se oan it fakbûn hechtsje.

Sirkelseage - Foto: Shutterstock.com

De ûndersikers hawwe oer de jierren 2012-2016 sjoen nei fakbûnslidmaatskip yn relaasje mei geslacht, âldens, oplieding en regio. Wat bliken docht is dat benammen manlju tusken de 55 en 65 jier, dy't mear as 12 oeren yn de wike wurkje, it faakst lid binne fan in fakbûn.

It CBS hat net ûndersocht wêrom't wurknimmers yn Fryslân it faakst lid binne. It soe te krijen hawwe kinne mei de leeftiidsopbou en dat dizze regio mear fergrize is as oare gebieten. Fierders bestiet yn it Noarden in tradysje fan belutsenens by in fakbûn. Dat kin út kristlike, mar ek út sosjalistyske oertsjûging wêze.

Yn totaal wienen der yn ús lân yn 2017 1,7 miljoen registrearre fakbûnsleden.

Trefwurden: 
CBS fakbûn organisaasjegraad
(advertinsje)