Dupearren fan grutte brân Ljouwert meitsje harren soargen oer de frijkommen asbest

22 jun 2018 - 22:45

Buertbewenners achter it Ljouwerter belestingkantoar meitsje harren soargen oer de asbest dy't frijkaam is by de grutte brân fan freed. De giele asbestlinten hingje suver tsjin de achtertunen oan en it stjonkt yn de hûzen nei reek. Guon bewenners hawwe dêrom besletten de wenning tydlik te ferlitten.

Ien fan de omwenners fan it âld-belestingkantoar is Irma Galema. Sy wennet op noch gjin tsien meter fan it plak fan it ynsidint en moast freed har wenning út fanwegen de fûle brân. Se is skrokken en makket har soargen oer de asbest dy't frijkommen is by de brân.

"Ik bliuw út foarsoarch net thús sliepen. Dit is te link."

Dupearre omwenner Irma Galema

Der is troch saakkundigen by Galema en har buorlju binnen sjoen en har wente is wer frijjûn, mar se sliept freedtenacht net thús. "Ik bliuw út foarsoarch net thús sliepen. Dat is te link", fynt Galema. Se fertrout it thús net fanwegen it nijs oer de frijkommen asbest en de stank. Galema wol dat in ûnôfhinklike ynstânsje by har thús komt te mjitten, om fêst te stellen oft it echt feilich is.

Petear mei Crone

Ek wol Galema in petear mei boargemaster Crone oer wat der neffens har better koe en kin. "Ik bin echt bang west. Ik wol graach in gesprek hawwe mei boargemaster Crone oer de brân. Want der kin in soad better." Se wol dan ek melde dat de ynformaasjefoarsjenning fanút de gemeente en de helptsjinsten tekoartsketten hat.

(advertinsje)