Fryslân siket nei tûkere soarch mei minder minsken
Fryslân is op syk nei tûkere soarch, dy't je mei minder minsken útfiere kinne. Reden dêrfoar is dat der yn de takomst folle minder soarchferlieners beskikber binne troch de fergrizing. Yn it ûndersyksprojekt Seker en Sûn is útsocht wat wy dêr oan dwaan kinne en dat is freedtemiddei op in kongres yn Ljouwert bepraat.
Der binne no al projekten begûn, wêrby't besocht wurdt om mei minder minsken bettere soarch te bieden. Wy moatte aanst lykwols ek mear sels oplosse. Bygelyks mei help fan digitale helpmiddels, mar ek troch elkoar mear te helpen.
Ien fan de útkomsten is dat der wol minsken ree binne om te helpen, mar dat it foar immen dy't soarch nêdich hat betiden best dreech is om dêr om te freegjen.