Joop Mulder Plak útrikt oan skriuwer en teätermakker Bart van de Woestijne

22 jun 2018 - 22:04

Skriuwer en teätermakker Bart van de Woestijne hat freedtejûn op Skylge de Joop Mulder Plak útrikt krigen. Yn it telefyzjeprogramma Opium krige hy in sjek fan goed 10.000 euro oerlange troch Joop Mulder sels. Yn it programma wie ek Foppe de Haan te gast.

Cornald Maas, Foppe de Haan, Bart van de Woestijne en Joop Mulder - Foto: Neeke Smit

De stimulearingspriis foar kultuertalint waard dit jier foar de twadde kear útrikt op Oerol. Troch de priis bliuwt de namme fan Mulder ferbûn oan it Skylger festival.

Van de Woestijne studearre yn 2014 ôf oan de toanielakademy yn Maastricht. Kommend jier sil er it senario fan syn earste spylfilm skriuwe.

(advertinsje)