Ljouwert wint 20e edysje Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote

22 jun 2018 - 21:31

It partoer fan Ljouwert is winner wurden fan de 20e edysje fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote. Yn de finale wiene de Ljouwerters mei 10-6 te sterk foar Frjentsjer.

Foto: Twitter @KVOnderOns

Foarich jier wie Ljouwert noch ferliezend finalist, doe't se it net oprêden tsjin thúsfavoryt Easterlittens. Ljouwert wûn dizze edysje fan it IFK Jeu de Pelote op wei nei de finale fan Boalsert (8-2), Bitgum (7-4) en titelferdigener Easterlittens (8-5).

Jeu de Pelote is in fariant fan it keatsen dy't ferskilt mei it tradisjonele Fryske spul: sa besteane de partoeren út fiif spilers en is it fjild in stik smeller.

(advertinsje)