FIDEO: Hoe mjit de brânwacht reek by in brân?

22 jun 2018 - 18:42

Fiif operaasjes yn sikehûs MCL giene freed net troch fanwege de reekûnwikkeling by de brân yn it eardere kantoar fan de belestingtsjinst yn Ljouwert. De lucht fan de reek kaam it sikehûs binne troch it fentilaasjesysteem en wie oeral yn it gebou te fernimmen.

"We wisten net hoe gefaarlik it wie", fertelt wurdfierder Frits Mostert fan it MCL. Nei in gearkomste waard al gau besletten om de operaasjes stop te setten. Flak dêrnei kaam de mjittsjinst fan de brânwacht út Bûtenpost nei it MCL. Op it dak fan it sikehûs waard de reek metten. Yn de fideo sjogge jo hoe't de brânwacht dat docht.

(advertinsje)