Nij lânboumuseum by Ljouwert leit relaasje tusken ferline en takomst

It nije Fries Landbouwmuseum wol de relaasje tusken it ferline en de takomst lizze, want wa't kennis draacht fan it ferline kin better taret de takomst yn. Dit boadskip klonk freed by de offisjele iepening fan it museum.
It nije lânboumuseum by Goutum © Omrop Fryslân, René Koster
In jier lyn begûn de restauraasje fan de monumintale W.C. de Groot-pleats yn it Goutumer Nieuwland, dêr't it museum no yn húsfeste is. Neffens direkteur Henk Dijkstra wie in nij museum op dit plak in gouden kâns om de ambysjes wier te meitsen. Tichteby Ljouwert mei syn ûnderwiisynstellingen, mar ek flakby de Dairy Campus, dêr't fernijing en ynnovaasje fan lânbou en suvel sintraal stean.
© Omrop Fryslân, René Koster
Ferslachjouwer René Koster wie by de iepening fan it nije lânboumuseum by Goutum
It lânboumuseum wie earder yn Earnewâld te finen.