FIDEO: Hoe is it mei fuotballer Lucas Bijker

It transferfinster is alwer in pear wike iepen, en dus binne in soad spilers op syk nei in oare klup. Sa ek Lucas Bijker. Hy spile it ôfrûne seizoen foar it Spaanske Cadiz, mar komt takom seizoen wer wat tichter by Nederlân. Hy sil it fjild op foar it Belgyske KV Mechelen. Ferslachjouwer Roelof de Vries gie by de famylje Bijker op besite, wylst se op in fakânsjepark yn Reahel binne.
FIDEO: Hoe is it mei Lucas Bijker