It lûd fan in 160 jier âlde polder op Skylge

22 jun 2018 - 16:23

Oer 40 jier binne der gjin boeren mear op Skylge. De polder is dan natuer. Dy útspraak komt fan ien fan de bewenners fan de polder op Skylge en is optekene troch lânskipskeunstner Elmo Vermijs. Hy hat foar Oerol in ekspedysje makke, weryn't de besikers meinaam wurde nei de polder en dy ek letterlik hearre kinne.

Untwikkeling

Elmo Vermijs hat yn opdracht fan de Vogelbescherming, Oerol en Polderpracht ûndersyk dien nei de polder op it eilân. Dit jier bestiet dy 160 jier. It doel wie, om te sjen hoe't de polder him ûntwikkele hat troch de tiid hinne en wat de takomst is. De greidefûgels yn dat lânskip tsjinje as in spegel.

"In het verleden waren de weidevogels een grote bron van inkomsten", seit Vermijs. "De eieren werden verkocht. Nu is dat anders. Nu worden ze beschermd en speelt de vogelwacht een belangrijke rol."

De lûdsspegel fan lânskipskeunstner Elmo Vermijs - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Sa is dat op meardere flakken. Vermijs hat sjoen nei wat de betsjutting is foar de hjoeddeiske brûkers fan de polder: "Die is voor iedereen anders. Ook als je kijkt naar de toekomst. Dus iemand die zegt dat er straks geen boeren meer zijn en een ander die graag ziet dat er land bijkomt door middel van inpoldering."

De lûdsspegel stiet op de seedyk by Lys op Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Lûdsspegel

Om de Oerolbesikers it unike fan de polder mei te jaan, hat Elmo Vermijs in lûdsspegel makke en pleatst op de seedyk by Lys. De spegels waarden yn de Earste Wrâldoarloch brûkt, om te hearren oft der fleantugen oankamen. Vermijs fangt mei de ynstallaasje it lûd op fan de polder. "Je kunt hier heel goed alle geluiden uit de polder horen. De weidevogels, de koeien en de boer die op het land werkt. De installatie werkt fantastisch."

De lûdsspegel is makke fan materiaal út de polder sels. "We hebben klei, verschillende soorten mest en bijvoorbeeld ook compost gebruikt. Zoveel mogelijk lokaal."

It lûd út dizze polder wurdt troch de spegel opfongen - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De spegel wurdt sa't it no liket nei it Oerolfestival wer ôfbrutsen. Vermijs sels fynt dat spitich: "Veel mensen vragen of de spiegel blijft staan. Graag, zeg ik dan. De installatie staat wel op een primaire waterkering. Dus ik begrijp wel, dat zoiets niet zomaar kan. Maar het mooie aan deze installatie is, dat hij vanzelf verdwijnt."

Trefwurden: 
Skylge Oerol polder lûdsspegel
(advertinsje)