"Jou se in skop ûnder de kont en stjoer se nei bûten ta!"

"Bern komme net mear bûtendoar, út skoalle komme de eardoppen der yn en der is gjin kontakt mear mei te krijen!", it wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter Freedsmerk op it nijs dat skoalbern te min bewege.
© ANP
Unanym waarden tillefoans, tablets en de tillefyzje oanwiisd as oarsaak: "Se hawwe in minne motoryk, binne te dik en hawwe fjouwerkante pupillen. Jou se in skop ûnder de kont en stjoer se nei bûten." In soad âlderen seine dat it yn harren tiid wol oars wie: "We moasten alle dagen twa kilometer nei en fan skoalle rinne. Dan hiene we in hoepel en dêr draafden we efteroan!"
In Hollânske besiker oan de Freedsmerk fertelt dat by harren thús yn Amsterdam op in oare wize nei beweging sjoen wurdt. Dêr krijt it bewegen hieltyd faker wichtich plakje op skoalle. "Fresh in de les heet het", fertelt se, "daar krijgen kinderen sowieso 's morgens of 's middags al beweging."
Hoe tinkt de Freedsmerk oer bern dy't te min bewege...