Boargemaster Oosterman bot skrokken fan oerfal yn Easterwâlde

Boargemaster Harry Oosterman fan Eaststellingwerf is bot skrokken fan de oerfal op in âlder echtpear yn Easterwâlde. Oosterman wie koartlyn noch by it pear op besite om't se 65-jier troud wiene. It pear dat wennet oan de Logten yn Easterwâlde en waard freedtemoarn om kertier oer fiven hinne oerfallen.
Boargemaster Oosterman bot skrokken fan oerfal yn Easterwâlde
De oerfallers wiene nei alle gedachten twa manlju tusken de 20 en 25 jier. De auto fan de slachtoffers is dêrby stellen. Dy is eefkes letter werom fûn yn de Veenhof yn Easterwâlde. Oft de twa oerfallers noch mear stellen hawwe, is noch net dúdlik. De plysje is dwaande mei it ûndersyk en freget tsjûgen har te melden.