LIVEBLOG: Grutte brân Ljouwert, fjoer ûnder kontrôle

22 jun 2018 - 09:37

Der wie freedtemoarn in grutte brân yn in âld-kantoarpân fan de Belestingtsjinst yn Ljouwert. By de brân kaam in soad reek frij. Der wie in NL-Alert útjûn. Dêryn stie dat minsken doarren en ruten ticht hâlde moasten. Om trije oere hinne binne de diken wer iepen gien, en wie it fjoer wer ûnder kontrôle. Dêrmei slute wy no dit liveblog oer de brân yn Ljouwert ôf.

15:09
Ofsluting

De diken binne wer iepen, en it fjoer is ûnder kontrôle. Dêrmei slute wy no dit liveblog oer de brân yn Ljouwert ôf.

15:52

Brân belestingkantoar omwenners

14:13
Brân master

De brânwacht hat krekt foar twa oere oanjûn dat it fjoer yn it âlde belestingkantoar ûnder kontrôle is.

12:51
Sloopkraan

Der wurdt op it stuit in sloopkraan ynset om it gebou stikje foar stikje iepen te brekken. Hjirtroch soe de brânwacht mooglik by de kearn fan de brân komme kinne. It is noch hieltyd net dúdlik wêr't de brân begûn is.

12:13

De minsken dy't earder op de moarn út har hûs moasten fanwege de brân yn it âld-belestingkantoar, meie noch hieltyd net werom nei harren wenning. Dat seit brânwachtwurdfierder Maaike Koonstra. It is noch net dúdlik hoe lang't dy minsken net nei hûs ta kinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)