Grutte brân yn eardere kantoarpân Belestingtsjinst yn Ljouwert

22 jun 2018 - 09:01

Der is op it stuit in grutte brân yn in kantoarpân fan de Belestingtsjinst yn Ljouwert. By de brân komt in soad reek frij en stekke de flammen út it gebou.

Yn it gebou wennen fiif antykreakbewenners. Fjouwer fan harren wiene thús en binne allegear feilich út it gebou helle. Sy binne opfongen yn it ING-gebou, oan de oare kant fan de strjitte. Bewenners fan fiif wenningen oan de Elizabethstrjitte moatte fan de plysje harren hûs út en wurde ek opfongen.

De brân is ûntdutsen troch wurknimmers fan Strukton. Dy wiene yn de buert fan it kantoargebou oan it wurk. Sy seagen dat der reek út de luchtbehanneling kaam op it dak oan de efterkant fan it kantoar.

Helptsjinsten

De brânwacht is manmachtich útriden. Ambulânses steane klear om help te ferlinen oan eventuele slachtoffers. Der is in NL-Alert útjûn. Dêryn stiet dat minsken doarren en ruten ticht hâlde moatte.

Toanielgroep

Clara Mulder wurket by in toanielgroep dy't romte yn it gebou brûkt. Underyn it gebou brûkt har groep ferskate romten foar opslach fan materiaal, mar ek om foarstellingen te dwaan.

Sneon soe de groep begjinne mei de try-outs fan in nij stik. "Ik bin bang dat dat no net mear trochgiet," sa seit Mulder. "Dat is hiel skande foar de tiid dy't in soad frijwilligers deryn stutsen ha."

Trefwurden: 
brân Belestingtsjinst
(advertinsje)
(advertinsje)