Fryslân ynspirearret alve bûtenlânske keunstners ta nije wurken

22 jun 2018 - 08:38

Ut ferskate hoeken fan de wrâld binne keunstners nei Ljouwert waait. Fotografen, byldzjende keunstners en skilders sjogge mei harren eigen eftergrûn nei Fryslân. Se litte harren troch ús provinsje ynspirearje ta nije skilderijen, ynstallaasjes en bouwurken.

De keunstners binne trije wiken yn Fryslân en oernachtsje by Fryske húshâldingen. Fjouwer fan harren binne Vince Briffa, Diedel Klöver, Sithabile Mlotshwa en Kamila Wolszczak. Sy fertelle oer harren wurk. It heart by it projekt AIR dat organisearre is troch de Rotary Clubs fan Ljouwert.

Het is bijzonder hoe de stad Leeuwarden ineens ophoudt en overgaat in een vlak landschap.

Vince Briffa

Briffa is ien fan de keunstners en komt út Malta. Hy skilderet en lit him ynspirearje troch it Fryske lânskip. "Dat is kompleet ferskillend mei it lân dêr't ik wei kom. Dat leit yn it mediterraanske gebiet", fertelt Briffa.

Briffa is nachts op paad west om te sjen en te hearren hoe't it Fryske lânskip derútsjocht. De skilderijen fan de keunstner binne dêrop ynspirearre. In twadde perspektyf dat er keazen hat is it lânskip te besjen troch de eagen fan in ko. "It is in horizontale streek, dy't net altyd rjocht rint", fertelt er.

De keunstner út Malta - Foto: Omrop Fryslân

De keunstners komme út ûnder oare Masedoanië, Poalen, de Dominikaanske Republyk en Dútslân. Ut ús buorlân komt Klöver. Hy hat nei de oerienkomsten sjoen tusken Fryslân en Jever, it gebiet dêr't er sels wei komt. Hy ûntduts dat fytsen en leauwen yn de twa gebieten wichtich is.

Klöver wurket yn Hallum oan syn keunstwurk. Hy makket dêr fan skroat en âlde fytsen in liuw, omdat er seach dat sawol yn it wapen fan Jever as dat fan Fryslân in liuw yn it wapen sit. It keunstwurk fan Klöver is woansdei nei de Blokhúspoarte brocht. De liuw bliuwt dêr noch even stean, mar der wurdt noch socht nei in plak dêr't it noch better ta it rjocht komt.

Mlotshwa komt út Simbabwe. Mlotshwa dûkte yn de argiven fan Tresoar en gie op syk nei de eftergrûn fan Fryslân. Se is ynteressearre yn hoe't wy as minsken libje, wat ús tradysjes binne en hoe't wy omgean mei de natuer. Yn har thúslân hat har wurk te krijen mei 'human interest' en it plak fan froulju yn de maatskippij.

De keunstner út Simbabwe - Foto: Omrop Fryslân

De Poalske Wolszczak hat ek in projekt betocht. Op de tandem fytste se troch de provinsje mei de GPS oan. Doe't Wolszczak weromkaam yn har tydlike studio, beseach se de route dy't se fytst hie en bout dy nei mei izertried.

De ferskate routes troch Fryslân krije allegear in oare kleur. De routes dy't Wolszczak bout binne no noch miniatueren. Uteinlik is it doel om in byld, yn de foarm fan in libbensgrutte ferzje, fan de route te pleatsen.

De keunstner út Poalen - Foto: Omrop Fryslân

Wolle jo mear sjen fan ien fan de keunstners? De keunstners binne trije wiken yn Fryslân op útnoeging fan de Ljouwerter Rotary Clubs. Fan tongersdei 21 juny ôf oant 24 juny wurde der iepen studio routes organiseare. Fan 10.00 oere ôf oant 17.00 oere binne de studio's fan de keunstners iepen foar besikers.

Trefwurden: 
keunst AIR
(advertinsje)
(advertinsje)