Kollum: "Sekstoerist"

22 jun 2018 - 07:47

"In psychiater foar bern dy't betrape is doe't er yn Nepal seks hie mei in jonge fan 15 jier. De broek sakket my ek ôf as ik soks hear want it is dochs werklik net te leauwen! Wylst de dieder hjir bekend stie as in goede psychiater, wie er dêrneist in sekstoerist dy't jonkjes misbrûkte. De man hat dien krigen op syn wurk en ik bin benijd hokker straf er krijt. In oare man dy't syn eigen bern misbrûkt hat, hat mar 4 jier krigen en foar myn gefoel is dat fierste min!

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

De grize giet my oer de grouwe as ik soks lês. As der immen oan myn bern komme soe, dan bin ik yn steat om dy persoan eigenhannich wat oan te dwaan. Mar op in soad bern wurdt net goed past. Dy wurde mishannele en misbrûkt troch de âlden wylst de bylden dêrfan faak ek noch op it ynternet ferskine. Der is dus in merk foar en dêr kin ik mei myn folle ferstân net by. Dochs tink ik ek nei oer de oare kant fan it ferhaal want immen dy't bern misbrûkt hat sels ek in bern west.

Hoe is dy jeugd ferrûn en hokker freeslike dingen hawwe se sels meimakke? En as dat fierder wol normaal west hat, dan komt der dochs in momint yn it libben dat se yn 'e gaten krije dat se op bern falle. De measten fan ús hawwe it gelok dat it kwartsje fan de hormoanen de goede kant út rûgelet. Wurdst in puber, rekkest fereale, krijst nocht oan seks mar wol mei immen dy't sa'n bytsje like âld is as dy.

Stel datst in jonge fan in jier of 14 bist en krijst net flinters yn 'e búk fan dyn buorfamke fan 15, mar fan har suske wylst sy is noch mar 6 jier is. Hjoeddeis wurdt it akseptearre as bern it gefoel hawwe dat se yn in ferkeard liif sitte. Sadwaande kinne jonges no famkes wurde en oarsom. It is hjir no ek sa goed as akseptearre datst fereale reitsje kinst op immen fan it eigen geslacht dus dat nijs slacht ek net mear yn as in bom. Mar tsjin wa silst sizze datst op lytse bern falst? Net tsjin dyn freonen, liket my sa ta en al hielendal net tsjin dyn âlden.

Ik wit net presys hoe't sa'n proses ferrint mar guon lju krije no ien kear gefoelens en gedachten dy't we yn in maatskippij net brûke kinne omdat it in oar stikken makket. Bern yn 'e puberteit hearre seks te hawwen as se der oan ta binne. As de hormoanen wekker wurde en se sels de kar meitsje kinne mei wa. Der binne fansels wol mear dy't der nuvere ideeën op neihâlde, mar as se it mei minsken dogge dy't âld genôch binne en der krekt sa oer tinke, dan geane se har gong mar.

Op it gebiet fan seks kinst it sa gek net betinke of it is al betocht mar bliuwst mei dyn poaten fan bern ôf, ek yn it bûtenlân! Wat my oanbelanget meie se de dieders in moai skoft opslute! Se hawwe genôch ellinde teweibrocht en as it ien kear ferkeard sit tusken de earen en de skonken dan wit ik net oft je derop fertrouwe kinne dat it ea wer goed komt.

Dochs fyn ik ek dat immen mei in ôfwikende seksuele foarkar syn of har ferhaal kwyt kinne moat foardat troch ferskate frustraasjes de bom barst. Yn dat stadium moatst immen eins net feroardiele, al hoe dreech it miskien ek is. Kinst better help jaan of sykje foardat it eskalearret. Mar wêr of by wa moatst dan wêze?"

(advertinsje)
(advertinsje)