UPDATE: Grutte brân yn opslachloads foar hout neist wenhûs yn Bûtenpost

Grutte brân yn opslachloads foar hout neist wenhûs yn Bûtenpost
Yn in loads yn Bûtenpost hat tongersdeitejûn in grutte brân west. Flammen sloegen metersheech út it dak. De brânwacht hie fuortendaliks opskaald nei 'grutte brân'. Brânwachtminsken út De Westereen, Burgum, Dokkum, Kollum en Bûtenpost wiene oproppen om te helpen mei it blussen.
Brân yn Bûtenpost
Der binne gjin slachtoffers fallen by de brân. De loads is wol folslein ferlern gien. Neffens de brânwacht gie it om in opslachloads foar hout. Neffens omstanners soenen der ek auto's yn de loads stean. In wenning dy't der deun njonken stie, is ek skansearre rekke. De brânwacht meldt dat de skea by deiljocht better besjoen wurde sil.
It is net dúdlik wat de oarsaak fan de brân is.