Achtkarspelen moat it in moanne sûnder boargemaster dwaan

21 jun 2018 - 22:58

De gemeente Achtkarspelen hoecht it begjin takom jier mar even sûnder boargemaster te rêden. Gerben Gerbrandy hâldt der healweis jannewaris mei op en de planning is dat syn opfolger yn febrewaris oan de slach giet yn Bûtenpost.

Foto: Gemeente Achtkarspelen

De gemeenteried fan Achtkarspelen hat tongersdei in fertrouwenskommisje beneamd. Dy bestiet út de acht fraksjefoarsitters fan de ried en wethâlder Jouke Spoelstra as adviseur. Sy sille harren dwaande hâlde mei de ynfolling fan de boargemasterspost.

De 65-jierrige Gerbrandy kundige ein maaie oan op te hâlden as boargemaster fan Achtkarspelen. Hy giet nei 14 jannewaris mei pensjoen. Dan hat er presys seis jier boargemaster west yn Achtkarspelen. Foar't er yn jannewaris 2013 nei Bûtenpost kaam, wie er tolve jier lang wethâlder yn de doetiidske gemeente Wymbritseradiel.

(advertinsje)
(advertinsje)