Harnzers ha gjin fertrouwen yn Omrin en provinsje

21 jun 2018 - 22:48

Op in ynformaasjejûn oer de ôffaloven REC yn de teäterseal fan Trebol yn Harns oerhearske tongersdeitejûn emoasje, lilkens en krityk. De jûn wie bedoeld om Harnzers foar te ljochtsjen oer grutte ûndersiken nei luchtkwaliteit troch de GGD, mar fanwege de kalamiteit mei de ûntsnapte wolk op 31 maaie pakte dat hiel oars út.

John Vernooij fan Omrin yn petear - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Ik denk weleens: ik wou dat de REC er niet was.

Boargemaster Roel Sluiter

It fertrouwen fan de Harnzers yn Omrin en yn de kontrôle en hanthavening fan de provinsje is fuort. Boargemaster Roel Sluiter liet witte dat ek syn geduld mei Omrin op is: "Ik denk weleens bij mezelf: ik wou dat de REC er niet was."

De gemeente Harns hat Omrin en de provinsje koartlyn in lilke brief skreaun oer de ûntsnapte wolk. Neffens Sluiter wie dat krekt ien kalamiteit te folle. Neffens in ûndersyk fan de GGD fan Amsterdam is mei de luchtkwaliteit fan Harns yn trochsneed neat mis. It ûndersyk fûn allinnich op guon dagen in bytsje te folle benzeen. Oare skealike stoffen waarden net oantroffen.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Troch de kalamiteit fan ein maaie makke dit ferhaal net folle yndruk op krityske Harnzers. De measte oanwêzigen hawwe skjin harren nocht fan de REC en wolle dat de ynstallaasje sa gau as mooglik tichtgiet. Sy wolle ek dat de gemeente yn de rol as oandielhâlder fan Omrin besiket om dat foar inoar te krijen.

Direkteur John Vernooij fan Omrin sei dat it bedriuw him sa goed mooglik oan alle regels hâldt en yn 2017 net folle steuringen hân hat. Hy frege de Harnzers om har te basearjen op de feiten en mei him yn dialooch te gean. In part fan de oanwêzigen, ûnder wa ek de buorlju fan de REC, liet witte dêr gjin inkeld ferlet fan te hawwen.

By de ynformaasjejûn yn Trebol wienen sa'n 150 minsken.

Harkje nei húsarts Jan Waling Huisman en nei de buorlju fan de REC

Trefwurden: 
Harns REC Omrin
(advertinsje)
(advertinsje)