Premjêre berne-iepenloftspul staakt fanwege min waar

21 jun 2018 - 22:33

De premjêre fan it berne-iepenloftspul Alice yn Wûnderlân yn Easterwierrum is staakt fanwege de minne waarsomstannichheden. Troch it reinwetter wie it poadium te glêd wurden. Meardere bern binne dêrtroch útgliden. En de stjoerders dy't foar it lûd soargje moasten, koene ek net goed oer it wetter. It publyk dat nei de foarstelling kaam wie, krijt freedtejûn opnij in kâns. Dat wie de reservedatum. It sil no de offisjele premjêre wurde.

Der binne tongersdei mear optredens net trochgien fanwege it minne waar. De teäterfoarstelling Zout West fan teätergroep Sult yn Wâldsein is ek ôfsein. Fanwege de hurde wyn en it plak fan de foarstelling oan iepen wetter wie it net ferantwurde om troch te setten, sei de organisaasje. Minsken dy't kaartsjes foar jûn hiene, binne wolkom op de reservedatum: 28 juny.

Op Oerol is de foarstelling De Utvalgte / IN SITU - The Ship vol. 4 net trochgien. De organisaasje meldt dat minsken dy't kaarten kocht ha, se ynleverje kinne by de kaartferkeap op it Westerkeynterrein.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
(advertinsje)
(advertinsje)