Ljouwert en Frjentsjer nei finale IFK Jeu de Pelote

21 jun 2018 - 21:32

Titelferdigener Easterlittens is yn de heale finales fan it Iepenbier Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote útskeakele. Ljouwert wie mei 8-5 te sterk foar de gasthear fan it toernoai. Yn de oare heale finale wie Frjentsjer mei 8-4 te sterk foar Makkum.

Foto: twitter @KVOnderOns

Easterlittens wie seis kear de bêste yn it eigen doarp en woe op de 20e edysje de sânde titel pakke. Yn de heale finale naam Ljouwert lykwols wraak foar de finale fan foarich jier, doe't Easterlittens mei 10-8 wûn.

Frjentsjer, dat in jier lyn noch útskeakele waard troch Wommels, is yn de finale de tsjinstanner fan de Ljouwerters.

De finale tusken Ljouwert en Frjentsjer is freedtejûn op It Plein yn Easterlittens.

Jeu de Pelote is in fariant fan it keatsen dy't ferskilt mei it tradisjonele Fryske spul: sa besteane de partoeren út fiif spilers en is it fjild in stik smeller.

(advertinsje)