Lokaal radiostasjon docht oanjefte tsjin fraksjefoarsitter Weststellingwerfs Belang

De lokale omrop Radio Weststellingwerf Centraal docht oanjefte tsjin fraksjefoarsitter Tom Hartog fan Weststellingwerfs Belang. Hartog mei ek net mear yn it gebou fan de omrop komme. Hy soe misbrûk makke ha fan syn funksje as behearder fan de facebookside. Dy is earst fan namme feroare, en letter hielendal ferdwûn. It is neffens de omrop net foar it earst dat se in probleem ha mei Hartog.
Tom Hartog (links) yn de studio fan Radio Weststellingwerf Centraal © Radio Weststellingwerf Centraal
Hartog soe ek opnamen fuortsmiten ha fan radioprogramma's dy't noch net útstjoerd wienen. By guon programma's wurde dy opnamen soms wiken yn it foar al makke en yn de kompjûter opslein. Neffens foarsitter Jan Koopman fan Radio Weststellingwerf Centraal kostet it in protte tiid om dy programma's wer opnij op te nimmen.
In jurist dy't as frijwilliger oan it radiostasjon ferbûn is, siket út hokker wetsartikels der presys oertrêden binne foardat der in oanjefte komt. Neffens de omrop sil dat nei it wykein wol klear wêze.
Koopman tinkt dat der sprake is fan in bewuste wraakaksje fan Hartog. De omrop hat him earder ek al in kear op non-aktyf steld, seit Koopman.
Zo'n vrouw met zo'n doek om is best handig, daar kun je je lul aan afsmeren na de tijd.
Tom Hartog
Tom Hartog wie earder presintator by de lokale omrop fan Weststellingwerf. Tusken 2013 en 2015 makke hy tegearre mei in oare presintator ûnder oare it radioprogramma Radio Active, op de sneontejûn. Dêr kaam in ein oan, seit Koopman, doe't it duo yn 2015 skorst waard fanwege gedrach dat der fier by troch wie. Sa soene se, op de radio, in kollega-presintator it advys jûn ha om in oerdoasis morfine te nimmen, "omdat dat foar alle partijen better is".
En mei in jonge dy't as frijwilliger gasten ûntfong, ha se ek meardere kearen de gek oanstutsen, seit Koopman. Dy jonge hie dêr safolle lêst fan, dat er by de omrop fuortgien is. En dan wie der ek noch de opmerking oer in moslima, dy't by wize fan grap oan it ein fan in útstjoering makke waard. "En dan heb ik nog te melden dat zo'n vrouw met zo'n doek om best handig is, want daar kun je je lul aan afsmeren na de tijd."
De opmerking dy't der neffens Koopman foar soarge dat de presintatoaren yn 2015 op non-aktyf steld waarden
Nei dizze útspraak, seit Koopman, hat it bestjoer de beide programmamakkers skorst, en se mochten ek it gebou fan de omrop net mear yn. Flak foar de gemeenteriedsferkiezingen fan 2018 hat Hartog him wer by de omrop melden.
Hartog woe graach wer wat dwaan, en al wie net elkenien dêr plat foar, it bestjoer hat dochs besletten om Hartog in twadde kâns te jaan. It bestjoer woe him net op de radio hearre, mar hy krige wol it behear oer de webside en de facebookside. Dy side is earst fan namme feroare, en wie letter hielendal net mear te finen. De omrop hat ûnder in oare namme in nije facebookside oanmakke.

Politike gefolgen

Yn in skriftlike reaksje op de eigen webside lit it bestjoer fan it Weststellingwerfs Belang witte dat de partij achter Tom Hartog stiet. Neffens it bestjoer giet it fierder om in ynterne kwestje tusken Radio Weststellingwerf Centraal en Tom Hartog. Mear seit de partij net. "Weststellingwerfs Belang gaat graag in gesprek met de betrokken partijen maar doet dit niet via de media."
Mocht it Weststellingwerfs Belang beslute om Hartog nei oanlieding fan dizze kwestje út de fraksje te setten, dan kin dat grutte gefolgen ha. As Hartog beslute soe om selsstannich fierder te gean, is it kolleezje de mearderheid yn de ried kwyt. De koälysje fan CDA, VVD en Weststellingwerfs Belang hat no 11 fan de 21 sitten.
Tom Hartog seit yn in reaksje oan Omrop Fryslân dat de beskuldigingen oan syn adres nearne op basearre binne. Hy neamt it laster en smaad. Hy seit dat er noait skorst west hat. Hy jout wol ta dat er it behear fan de facebookside oerdroegen hat oan in freon, dy't earder foar Radio Weststellingwerf Centraal wurke. Neffens Hartog hie dy freon de facebookside destiids opsetten, en dêrom soe er rjocht hân ha op de ynlochgegevens.
Op de fraach oft dizze affêre ek gefolgen hat foar syn posysje as fraksjefoarsitter fan Weststellingwerfs Belang, woe Hartog gjin antwurd jaan.