'Krepeargefal' fan Alde Fryske Tsjerken wurdt ferboud ta doarpshûs

Yn Dedzjum yn de gemeente Súdwest-Fryslân is tongersdei it startsein jûn foar de restauraasje fan de doarpstsjerke. Dat wie ek hurd nedich. De tsjerke hie op ferskate plakken skuorren yn 'e muorren en gatten yn it dak en stie bekend as it 'krepeargefal' fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. De tsjerke wurdt noch dit jier foar goed 8 ton restaurearre en ynrjochte as doarpshûs mei romte foar in bêd en brochje yn de tsjerketoer.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
It doarp Dedzjum is entûsjast oer dizze oplossing. It doarp mei goed hûndert ynwenners stiet neffens de pleatslike kommisje fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken al 40 jier te springen om in eigen doarpshûs en woe dizze kâns net foarby gean litte. Ek is it de bedoeling om ien kear yn 'e moanne in tsjinst te hâlden yn Dedzjum.
Jan Balkema út Dedzjum oer de nije bestimming fan de tsjerke
De Dedzjumer tsjerke is fjouwer jier lyn oernommen troch de Stichting Alde Fryske Tsjerke sûnder breidsskat of byhearrend fûns foar ûnderhâld en restauraasje. De Stichting hat de tsjerke - tsjin de regels yn - dochs oernommen, fanwegen de bysûndere histoaryske preekstoel en de moaie lizzing fan de tsjerke yn it iepen lânskip.
Foarsitter Jan Kersbergen fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken
Foarsitter Kersbergen fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken is wol bliid dat it no slagge is om mei stipe fan ûnder oare provinsje en gemeente foldwaande middels byinoar te fandeljen om de tsjerke te restaurearjen. Oant no ta waard it ûnderhâld beheind ta it wyn- en wetterticht hâlden fan it gebou.