Dútske fiskstreuper mei yllegale iel trappearre yn Fryske jachthaven

21 jun 2018 - 17:22

De plysje hat yn de jachthaven fan De Langelille in 61-jierrige Dútser oanholden foar fiskstreuperij. De man waard op 'e die trappearre. Doe't er de haven binnenkaam, hie er neffens de plysje in amer yn de boat, mei in grutte iel der yn. Dy ha se swimme litten. De man ha se meinaam nei it plysjeburo.

Foto: Plysje

Yn de friezer fan it fakânsjeferbliuw fan de man ha plysjes meardere pakketten oantroffen mei ynferzen iel. Se tinke dêrom dat de man al langer oan it streupen west hat. Foarich jier krige de plysje al sinjalen dat der yn it wetter om De Langelille hinne mooglik in fiskstreuper aktyf wie. Undersyk hat doe neat opsmiten, mar de plysje meldt dat der de lêste tiid wer nije meldingen kamen.

Ekstra yn de gaten holden

Yn gearwurking mei minsken fan de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) en minsken fan de Nederlânske Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) hat de plysje besletten om it gebiet ekstra yn de gaten te hâlden. Yn de nacht fan woansdei op tongersdei seagen se hoe't de man oan de gong wie mei fisktried, heakken, en aas. De man pleatste in saneamd hoekwant foar iel. Dat is in stik fiskersark dat bestiet út in lange line mei koarte dwerslyntsjes dêr't fiskheakken oan fêstsitte.

Trije hoekwanten

De oare deis is de man moarn betiid weromkaam om de fangst op te heljen. In plysje hat tegearre mei in meiwurker fan de FUMO de man oanholden doe't er mei syn boatsje de jachthaven binnenkaam. Mei de NVWA is de plysje yn it wetter op syk gong nei mear hoekwanten. Yn totaal binne der trije oantroffen. It ark is yn beslach naam. De plysje ûndersiket noch hoe lang oft de man him mei streuperij dwaande holden hat.

Streuperij jildt as in ekonomysk delikt. Der kin in protte jild mei fertsjinne wurde, meldt de plysje, mar it hat in neidielige ynfloed op de fiskstân. De plysje ropt minsken dy't op it wetter wat fertochts sjogge, of minsken dy't ynformaasje ha oer fiskstreuperij, op om dat te melden.

Trefwurden: 
streuperij fisk
(advertinsje)
(advertinsje)