Wurk oan de N359 tusken De Lemmer en Sondel giet troch

21 jun 2018 - 16:34

It wurk oan de provinsjale dyk tusken De Lemmer en Sondel giet wer los. Fan 28 juny ôf giet oannimmer Reimert BV fierder mei it wurk oan de N359. De provinsje en de oannimmer ha dizze wike in akkoart berikt. Der wie in probleem mei de dyk, dy soe maklik fersakje.

Ympresje fan de nije N359 - Foto: Provinsje Fryslân

Der wurde easken steld oan it asfalt en de fundearring fan de dyk. Oant no ta wie dat net yn oarder. In part fan de earder oanbrochte fundearring sil no ferfongen wurde troch de oannimmer. Dêrnei krijt de dyk nij asfalt. Provinsje en oannimmer steane achter dizze oplossing.

Fierder krijt de N359 in griene middenstreek, om oan te jaan dat it in dyk is fan 100 kilometer it oere. Provinsje en oannimmer steane achter dizze oplossing.

It wurk duorret oant 12 july, dus oant dy tiid moat it ferkear rekken hâlde mei opûnthâld. Jûns en nachts wurdt de dyk ôfsletten tusken: moandei 2 july oant en mei freed 6 july fan 20.00 oant 6.00 oere, én op moandei 9 en tiisdei 10 july fan 20.00 oant 6.00 oere. Mei giele buorden wurdt de omliedingsrûte oanjûn.

Trefwurden: 
dyk wurk Sondel Lemmer
(advertinsje)