Teäterfoarstelling Zout West ôfsein fanwegen hurde wyn

21 jun 2018 - 16:11

De teäterfoarstelling Zout West fan teätergroep Sult yn Wâldsein giet tongersdeitejûn net troch. Fanwegen de hurde wyn en it plak fan de foarstelling oan iepen wetter is it net ferantwurde, seit de organisaasje. Minsken dy't kaartsjes foar jûn hawwe, binne wolkom op de reservedatum: 28 juny.

Hurde wyn - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Teätergroep Sult fertrout derop dat de foarstellingen fan Zout West freed yn Heech en sneon yn Balk wol trochgean kinne, al wurdt der foar de kommende dagen wer frij koel waar ferwachte.

Folksferhaal

Zout West giet oer de skiednis fan de Súdwesthoeke en de ynfloed fan it wetter. It is in humoristyske bewurking fan twa Fryske folksferhalen. It iepenloftspul is op 11 ferskillende plakken oan it wetter: By Starum/Warns, Koudum, Wâldsein, Heech, Balk, Aldegea/Blauhús, Boalsert, Warkum, Toppenhuzen en Snits.

It lêste nijs oer de foarstellings stiet op www.teatergroepsult.nl.

Trefwurden: 
waar Zout West hurde wyn
(advertinsje)