Stienmurden soargje foar oerlêst, wat is der tsjin te dwaan?

Oerlêst troch stienmurden ynventarisearre yn Bûtenpost
Stienmurden (steenmarters) feroarsaakje in soad oerlêst. Se sitte yn spoumuorren en meitsje leven, se sitte ûnder motorkappen en bite liedings troch. Yn Bûtenpost wolle se de oerlêst ynventarisearje en sjen wat se dwaan kinne tsjin de stienmurd.
© Alterra
Se binne beskerme, dus deameitsje mei net. Mar der moat wat gebeure, seit Roel Kramer fan de Wildbeheereenheid yn Bûtenpost. "Ast in ûntheffing fan de provinsje krijst, dan meist se fange en yn de natuer wer loslitte. Mar effektyf is dat net." Kramer is dêrom wol foar ôfsjitten. "Der is mar ien mooglikheid foar in soarchfâldige reduksje: soargje dat der net te folle binne. En ôfsjitte mei net, want se wienen froeger hiel seldsum. No binne der sa folle, mar de wet is der net op oanpast."
Ferslachjouwer Bauke Deelstra wie yn Bûtenpost
Mar Gerrit Tuinstra fan Landschapsbeheer Friesland tinkt ek net dat ôfsjitten helpt. "Hielendal net op de lange termyn. De stienmurden sitte oeral. Ast ien deamakkest of nei in oar plak bringst, dan komt der ynkoarten in nijen foar yn plak. It is fral de geur dy't se werom bringt. Se ha in bepaalde geur. Mei dêrom komt er hiel gau werom nei syn âlde plak."
Gerrit Tuinstra fan Landschapsbeheer Friesland
Wat helpt dan wol? "De boel goed tichtmeitsje", seit Tuinstra. "As je in gat yn hûs ha fan 4,5 of 5 sintimeter, faak by de dakgoate, dan kin de stienmurd deryn. Dus meitsje sokke gatten goed ticht. Sa kinst foarkomme dat dy stienmurd nei binnen ta komt."
Mar tink derom: as de stienmurd yn hûs sit en makkest dy gatten ticht, dan kin er net wer fuort fansels. "In stienmurd sit oerdei yn hûs en eltse nacht binne se op paad om te fretten. Dus doch oerdei in kranteprop yn sa'n gat. As de stienmurd derút wol, dan sil er dy prop derút triuwe. Bliuwt dy prop dus ien of twa nachten sitten, dan kinst dat gat tichtmeitsje", seit Tuinstra.
En hast dus in stienmurd yn dyn hûs en wolst 'm fuortkrije, dan is der noch in opsje, leit Tuinstra út: "Ticht by it plak dêr'tst de stienmurd hearst, moatst even goed lûd in radio, in praatstjoerder, oansette. Nachts dus. Dat fynt er net noflik en dan is de kâns dat de stienmurd derfantroch giet."