President EU-Kommisje Juncker makket him drok oer de kwestje Malta

De foarsitter fan de EU-kommisje, Jean-Claude Juncker hat him tongersdei middels in brief fia Frans Timmermans útsprutsen oer de kwestje Malta. Dêr is politike kommoasje ûntstien nei't de Maltese minister fan kultuer him denigrearjend útliet oer de fermoarde ûndersykssjoernaliste Daphne Caruana Galizia. De stêd Valletta op Malta is tegearre mei Ljouwert de Kulturele Haadstêd fan Europa.
© ANP
Yn de brief skriuwt Timmermans, út namme fan Juncker, dat de organisaasje fan de Europeeske kulturele haadstêden ûnôfhinklik is fan de Europeeske Kommisje. Hjirtroch kin de kommisje ek gjin ferantwurdlikheid nimme foar publike opmerkingen dy't makke wurde troch in foarsitter fan in Kulturele Haadstêd.
Timmermans en Juncker sizze wol dat se derop hammerje dat elk dy't him ferbynt mei in Kulturele Haadstêd yn Europa, him gedrage sil neffens Europeeske waarden en noarms. It giet dan bygelyks oer demokrasy, frijheid fan mieningsutering en it neilibjen fan it wetboek.
"Alle opmerkingen dy't tsjin dizze prinsipen yngean binne bûtengewoan spitich en soene foarkaam wurde moatte", sa slút Timmermans syn brief ôf.