Seis skoallen kinne har opmeitsje foar in Sjong-finale op it Saailân

21 jun 2018 - 14:31

Wa wurdt dit jier de winner fan it Sjongfestival? Freed 29 juny komme wy dat te witten, want dan wurdt de grutte finale hâlden. Dit jier is alles oars as oars, grutter en mei nije eleminten. Sa wurdt de finale hâlden op it Wilhelminaplein yn Ljouwert en hawwe de skoallen de tekst fan harren liet sels skreaun. De finale begjint om 14.30 oere op it poadium fan CityProms.

Alle basisskoallen yn Fryslân koene mei de wedstriid meidwaan, en úteinlik binne seis skoallen útkeazen om freed 29 juny yn de finale te striden om de winst. It giet om basisskoallen út Drylts, Dokkum, Drachtsterkompenije, Snits, Wytmarsum en Bûtenpost.

By Sjong moatte de bern in eigen tekst skriuwe op in besteande melody, dy't dan beoardiele wurdt troch in saakkundige sjuery. Hjiryn sitte Janneke Brakels, Wiebe Kaspers en Nynke Laverman.

De skoallen stride, krekt lykas oare jierren, om de Karin de Jong wikselbokaal. Fierder is der in brûnzen, sulveren en gouden mikrofoan foar de nûmers 3, 2 en 1. Foar de skoalle mei de moaiste tekst is der in tekstpriis.

De finale wurdt presintearre troch Raynaud Ritsma en Geartsje de Vries.

Foto: Omrop Fryslan
Trefwurden: 
festival Sjong basisskoalle
(advertinsje)
(advertinsje)