In jier selstraf foar feroarsaakjen ûngelok wêrby't VV Waskemar-spiler om it libben kaam

21 jun 2018 - 13:35

In 47-jierrige Grinzer hat in jier finzenisstraf krigen foar it feroarsaakjen fan it ûngelok dêr't VV Waskemar-spiler Daniël Postema by om it libben kaam en in oare ynsittende swierferwûne rekke. It ûngelok barde doe't de Grinzer oan de hânrem lûts fan it buske dêr't er mei de oaren ynsiet, it buske fleach dêrtroch oer de kop. De Grinzer mei ek trije jier net ride fan de rjochter. De eask wie fjouwer jier finzenisstraf en trije jier rydûntsizzing.

It plak fan it ûngelok yn Grins - Foto: RTV Noord

De rjochter fynt bewiisd dat de Grinzer ferantwurdlik is foar it it feroarsaakjen fan in ûngelok wêrby't immen om it libben kaam is en wêrby't ien swier lichaamlik letsel tabrocht is. De rjochter fynt dat de fertochte de gefolgen foar it ûngelok net wollen hat. Hy wurdt dêrom frijsprutsen fan deaslach, it besykjen fan deaslach en swiere mishanneling.

Hânrem

De Grinzer, ek âld-spiler fan fuotbalklup VV Waskemar, ûntkent dat er oan de hânrem lutsen hat. Neffens eigen sizzen hat er mooglik wol syn hân op de hânrem lein, mar hat er dêr net oan lutsen. Neffens tsjûgen, ûnder wa in plysjeman, hat de fertochte direkt nei it ûngelok sein dat er wol oan de hânrem lutsen hat. De man sei by de behanneling fan de saak dat er him dat no net mear heuge kin.

It ûngelok wie yn novimber 2016 yn Grins.

(advertinsje)
(advertinsje)