Tsientallen taalminderheden út Europa byinoar op kongres yn Ljouwert

21 jun 2018 - 12:59

Sa'n 250 fertsjintwurdigers fan tsientallen taalminderheden út hiel Europa binne op dit stuit byinoar yn Ljouwert foar it kongres fan minderhede-organisaasje FUEN. De dielnimmers út mear as tritich lannen diskusearje oer gelikense rjochten foar minderheden yn Europa.

It FUEN-kongres yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

It FUEN-kongres waard tongersdei iepene troch boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert en foarsitter Geart Benedictus fan de Ried fan de Fryske Beweging. Oan de konferinsje dogge ek Europarlemintariërs mei út Letlân, Italië, Hongarije, Roemenië en Slowakije.

Europeesk boargerinisjatyf

FUEN sammele it ôfrûne jier 1,3 miljoen hantekens foar it Europeesk boargerinisjatyf Minority SafePack. It ûnderwerp komt dêrom nei de simmer op de aginda fan it Europeesk Parlemint en de Europeeske kommisje. Dat kin net frijbliuwend wêze, seit FUEN-foarsitter Lorant Vincze. Hy pleitet foar in Europeeske dialooch tusken mearderheden en minderheden en in 'pact' dat minderheden gelike rjochten jout. Waarnimmers neame it rinnende FUEN-kongres dêrom it meast belangrike oant no ta.

De twadde dei fan it FUEN-kongres stiet yn it teken fan de situaasje fan Fryslân. Dan komme ûnder oare deputearre Sietske Poepjes en professor Goffe Jensma fan de RUG oan it wurd. It FUEN-kongres is nei Fryslân helle troch de Ried fan de Fryske Beweging. Dat is net foar it earst. Ek it alderearste FUEN-kongres yn 1950 wie yn Ljouwert.

Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging oer it FUEN-kongres

(advertinsje)