Evenemint 8ste dag live te folgjen op Omrop Fryslân

8ste dag moat ien fan de peareltsjes wurde fan LF2018. It is in kettingreaksje dy't op 8 july 2018 plakfine sil yn Ljouwert. It hele evenemint moat yn totaal fiif oeren duorje, en bestiet út sawol kulturele as sosjale skeakels. In skeakel kin in domino fan boeken wêze, of in liet, of in groep fiskers. Alle skeakels hawwe in eigen plakje op de rûte, en wurde yn beweging set troch de foarige skeakel.
© Omrop Fryslan
Fanwege de grutte en it tempo fan de kettingreaksje kinne besikers oan it evenemint lang net alle skeakels goed besjen of de rûte op tempo meirinne. Dêrom wurdt de folsleine kettingreaksje filme troch Omrop Fryslân. Dit sil live te sjen wêze by Omrop Fryslân op TV, Omropfryslan.nl en op de Omrop app. Dêrnjonken wurde de bylden ek live sjen litten op it Wilhelminaplein, Aldehoustertsjerkhôf en it Waachplein. It is nammentlik de bedoeling dat dêr grutte skermen komme te stean, wêrop't de útstjoering live te folgjen is.

De live-útstjoering wurdt presintearre troch Miranda Werkman yn gearwurking mei Marijke Roskam. ClausMedia is kreatyf produsint fan it 8ste dag.
Mear ynformaasje oer de 8ste Dag en alle skeakels is te finen op de webside www.8stedag.nl.