Ald-bestjoer fan Mei Elkoar Ien wol aktiviteiten wer oppakke

21 jun 2018 - 11:17

De âld-bestjoerders fan de aktiviteitekommisje Mei Elkoar Ien yn Feanwâlden wolle it leafst hjoed noch it stokje oernimme fan it sittende bestjoer. Dat skriuwe se yn in brief dy't hûs-oan-hûs besoarge is yn it doarp. Mei Elkoar Ien hat earder alle aktiviteiten foar dit jier skrast fanwege bedrigingen.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens de kommisjeleden binne de problemen ûntstien nei't se besletten hiene om de hoareka by de aktiviteiten net langer troch in pachter útfiere te litten, mar om it sels mei frijwilligers te dwaan. Yn de hûs-oan-hûs-brief skriuwe de âld-bestjoerders dat se it tige spitich fine dat alle aktiviteiten ôfsein binne. Se meitsje har bot soargen oer de takomst fan Mei Elkoar Ien.

Oernimme

De âld-bestjoersleden wolle de aktiviteiten wer oppakke. Yn de brief stiet ek dat se al earder oanjûn hawwe har soargen te meitsjen oer de koers fan it bestjoer. Ferskate konflikten mei persoanen en organisaasjes soargen begjin 2016 al foar spanningen, sa skriuwe se. Doe't Mei Elkoar Ien bekend makke de aktiviteiten te skrassen, hawwe de âld-bestjoerders oant trije kear ta oanjûn mei sa'n tsien minsken in nij bestjoer foarmje te wollen, stiet fierder yn it brief. Dat oanbod waard neffens de âld-bestjoersleden ôfwiisd.

Trefwurden: 
Feanwâlden Mei Elkoar Ien
(advertinsje)