Staking yn it streekferfier útsteld fan moandei nei woansdei

It begjin fan de lanlike staking yn it streekferfier wurdt útsteld oant woansdei, dat meldt fakbûn CNV Vakmensen. De staking soe moandeitemoarn begjinne en op syn meast trije dagen duorje. De staking wurdt organisearre omdat de leden fan de bûnen net akkoart gean mei de troch de wurkjouwers foarstelde cao. Om de ûnderhannelers yn it cao-konflikt mear tiid te jaan om ta in akkoart te kommen, wurdt der no pas op woansdei begûn mei de staking. De staking duorret trije dagen, of koarter as der in akkoart berikt wurdt.
In bus fan Arriva op it bsstasjon yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
"We gaan voor een goede cao voor 12.000 werknemers in het openbaar vervoer. Met goede afspraken over het aanpakken van de werkdruk en een loonsverhoging. Die eis blijft staan, dat weten de bemiddelaars ook", seit in wurdfierder fan CNV Vakmensen. "Tegelijkertijd realiseren we ons heel goed dat een staking in het openbaar vervoer grote gevolgen heeft voor de reizigers. Als we dat met elkaar kunnen voorkomen, dan tekenen we daarvoor. Maar daar hebben we toch echt de medewerking van de werkgevers voor nodig."
De staking jildt yn Fryslân foar de bussen, de treinen fan Arriva ride wol.