Skieppehâlders benaud foar wolf

21 jun 2018 - 10:00

Skieppehâlders binne benaud foar de komst fan de wolf. No hawwe sy al lêst fan foksen dy't te min fretten fine yn de greiden. Normaal ite sy aaien en pykjes mar sy pakke no ek sûne lammen. No't der ek al in wolf sinjalearre is, binne sy benaud foar de takomst fan harren bedriuw. Ien wolf is noch net sa'n probleem mar as der mear komme, is it net mear te behearskjen.

Mei in Facebookberjocht wol Ecolana omtinken foar dizze problematyk. Der is ek wjerstân tsjin bejeien en de wolf is beskerme, mar de gefolgen foar de boeren kinne grutter wurde.

Op harren stik lân sit in foksehoale, dizze wurdt tichtgoaid en de foksen wurde ferjage, mar der komt hieltyd wer ien werom.

(advertinsje)