Flinke delgong yn oantal WW-útkearingen yn Fryslân

It tal Friezen mei in WW-útkearing is yn maaie flink minder wurden. Hast 1.000 minsken hoegden gjin útkearing mear, dat is in delgong fan sân prosint. Ein maaie telde Fryslân noch 12.326 minsken mei in WW-útkearing. Yn maaie 2017 lei dat oantal goed 25 prosint heger. De delgong komt benammen troch seizoenswurk yn bygelyks de lânbou, bou en hoareka.
De delgong yn Fryslân is de ien nei grutste yn Nederlân, yn Drinte wie de delgong mei goed acht prosint noch krekt wat grutter. Gemiddeld gie it tal WW-útkearingen yn Nederlân mei goed fjouwer prosint nei ûnderen.