Makkum, Ljouwert en Easterlittens nei heale finale Jeu de Pelote

21 jun 2018 - 08:08

Alle fjouwer heale finalisten fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote binne bekend; Frjentsjer, Makkum, Ljouwert en Easterlittens. It partoer fan Makkum wûn woansdeitejûn mei 6-5 fan Wjelsryp, Ljouwert wie te sterk foar Bitgum (7-4) en titelferdigener Easterlittens fersloech Winsum mei 6-5. Frjentsjer pleatste him earder al foar de heale finale.

Foto: twitter @KVOnderOns

De heale finale wurdt spile op tongersdeitejûn. It partoer fan Frjentsjer spilet tsjin Makkum en it partoer fan Ljouwert nimt it op tsjin Easterlittens. De finale fan de 20e edysje fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote wurdt freed spile.

Jeu de Pelote is in fariant fan it keatsen dy't ferskilt mei it tradisjonele Fryske spul: sa besteane de partoeren út fiif spilers en is it fjild in stik smeller.

(advertinsje)