Hynders nea op hege dobbe set

04 nov 2011 - 12:30

De hynders dy't fiif jier lyn ynsletten rekken op in lege dobbe yn it Noarderleech ha noait feilich op in hegere dobbe stien. Dat is altyd wol sein. Ferskate boarnen befestigje dit ferhaal. Amazônes rêden de hynders, mar tweintich bisten ferdronken. Yn oerlis mei eigner Lootsma binne de hynders foardat it hege wetter opkaam net op de feilige Alde Dobbe set, mar op it lân dêr omhinne. De hynders sochten dêrnei in plakje yn de lijte fan de hege dobbe.

(advertinsje)
(advertinsje)