Midsimmertwirre as oade oan de fergetten Fryske komponist Paulus Folkertsma

Paulus Folkertsma eare mei festival
Komponist Paulus Folkertsma fan Aldeboarn (1901-1972) wie yn syn eigen tiid hiel bekend. Hy skreau oargelwurken, lieten foar symfonyorkesten, kantates, operettes en keamermuzyk foar útienrinnende besettingen. Ek makke hy muzyk op Fryske gedichten fan bekende dichters. Folkertsma wie gjin modern musikus, mar wie mear in romantikus. Om dizze fergetten komponist te earjen yn dit kulturele jier, organisearret it doarp Aldeboarn dêrom sneon 23 juny it muzikale festival Midsimmertwirre.
Ferslachjouwer Froukje Sijtsma
Op ferskate plakken yn Aldeboarn litte Fryske musisy, sa as Albert Bonnema, Rixt van der Kooij, mar ek muzykkorps Concordia fan Aldeboarn, wurk fan Folkertsma hearre. Ek muzikant Wiebe Kaspers, dy't muzyk fan Folkertsma bewurke hat ta in 'jazzy' útfiering, sil optrede. Kaspers neamde Folkertsma earder al 'in komponist dy't better wie as Beethoven.' Tiid om Folkertsma wer foar it fuotljocht te bringen.
Hûs fan de Folkertsma's © Omrop Fryslân
Mei Helga Folkertsma praat ik ôf yn it moaie, âlde hûs oan it rivierke de Boarn yn Aldeboarn. Yn it hûs dêr't se altyd wenne hat mei har man Paulus Folkertsma en harren fjouwer bern. Se wennet der noch altyd. "Ik wie 37 jier jonger as myn man. Ik wie santjin, doe't wy inoar kennen learden. Paulus brocht in besite oan myn heitelân Eastenryk. Myn suster hie nei de oarloch oansterke yn Ljouwert by in húshâlding, dêr't Folkertsma yn de kost wie. Hy ferbleau by ús thús, de fonk sloech fuort oer. Op myn achttjinde binne we troud en ik bin doe meikaam nei Fryslân." It wie in lokkich houlik. "Paulus wie in rêstige en leave man."
Helga wie 37 jier jonger as har man Paulus Folkertsma © Omrop Fryslân
Fotoboeken fol âlde neitinkens lizze op tafel. It is no al wer 47 jier lyn dat Paulus Folkertsma ferstoar, dochs kin frou Folkertsma noch kleurryk oer him fertelle. Folkertsma wie skoalmaster op de legere skoalle yn Aldeboarn. "Dêr fertsjinne er syn brea mei, mar yn syn hert wie it in komponist. Hy hie altyd muzyk yn 'e holle. As er in tema hie wêrfan't er tocht, dat moat ik opskriuwe, dan skreau er it op, bygelyks op de efterkant fan in sigaredoaske. Yn sifernoatsjes. Letter wurke hy dat dan út. Net oan 'e piano, want hy koe de muzyk gewoan hearre. In hiel orkest koe er him yn de holle ferbyldzje hoe't it klinke moast."
Folkertsma wist neffens syn frou wol dat er as komponist goed wie yn de muzyk. "Yn syn eigen tiid wie er bekender, doe waard der ek regelmjittich muzyk fan him útfierd. Hy wie ek net in man dy't syn muzyk no sa bot promoate, dêrfoar wie er miskien ek wol te beskieden. Myn man skreau foaral muzyk, om't hy de drang hie om te komponearjen. "
Repetysje fan muzykkorps Concordia Aldeboarn © Omrop Fryslân
Ferslachjouwer Froukje Sijtsma praat mei Helga Folkertsma en wennet repetysje fan Concordia by
Folkertsma maakte muzikale grappen. Dan denk je: speel ik nu een foute noot? Maar dat heeft hij echt zo bedoeld.
Gert van Veldhuizen, dirigint Muzykkorps Concordia Aldeboarn
It muzikale wurk fan Paulus Folkertsma stiet bekend as dreech en lestich om te spyljen. Ien fan de muzykstikken dy't Folkertsma makke, is in mars. Hy skreau it spesjaal foar it 75-jierrich bestean fan muzykkorps Concordia út it doarp. "Dat is destijds nooit uitgevoerd", fertelt dirigint Gert van Veldhuizen. "De toenmalige bezetting vond het toen te lastig." Hy kin him dat earlik sein ek wol yntinke.
De tritich korpsleden fan Concordia, dy't meispylje op de twadde repetysje, moatte noch wol wat puntsjes op de i sette foar de útfiering fan de Midsimmertwirre. It korps sil sneon op in pream yn de Boarn muzyk fan Folkertsma hearre litte. "Er zitten hele onverwachte stukken in zijn muziek. Dat is eigenlijk ook wel heel leuk. Het zijn muzikale grappen, maar daar moet je natuurlijk wel even aan wennen, bijvoorbeeld akkoorden die je absoluut niet verwacht. Dan denk je: speel ik nu een foute noot? Maar dat heeft Folkertsma echt zo bedoeld."