Mear as in kwart fan de húshâldingen hat gjin motoarysk ferfiermiddel

21 jun 2018 - 00:05

Mear as in kwart fan de Nederlânske húshâldingen hat gjin motoarysk ferfiermiddel ta har beskikking. Dat docht bliken út sifers fan it CBS, it Centraal Bureau voor de Statistiek.

Foto: ANP

Lanlik giet it om 2,1 miljoen húshâldingen dêr't bygelyks gjin auto, motor of scooter oanwêzich is. Dit is 27 persint fan it totale oantal húshâldingen yn Nederlân. Benammen húshâldingen mei lege ynkommens hawwe faker gjin motoarysk ferfiermiddel as minsken dy't yn in hegere ynkommensklasse falle.

Fan de goed trije miljoen húshâldingens yn de leechste ynkommensklasse hat 46 persint gjin motoarysk ferfiermiddel. Yn 27 persint fan dy húshâldingen hat ek gjinien in rydbewiis. Ta fergelyk: yn hast alle húshâldingen yn de heechste ynkommensklasse is wol in auto, motor of scooter oanwêzich.

Op Flylân minste ferfiersmiddels

Húshâldingen op Flylân hawwe prosintueel it minst faak in motoarysk ferfiermiddel fan alle Fryske gemeenten. Yn 31,3 persint fan de gefallen is dêr gjin auto, motor of scooter oanwêzich. Nei Flylân folgje de gemeenten Ljouwert (30,2 persint), Skylge (26,2 persint) en Skiermûntseach (25,8 persint).

Yn de eardere gemeente Littenseradiel binne de measte ferfiermiddels te finen by húshâldingen. Minder as tsien persint (9,6 persint) fan dy húshâldingen hat gjin auto, motor of scooter. Oare gemeenten dêr't húshâldingen in soad motoaryske ferfiermiddels hawwe, binne de eardere gemeente Menameradiel (11 persint), De Fryske Marren (12,7 persint) en Ferwerderadiel (13 persint).

De gegevens dy't foar dit ûndersyk brûkt binne, komme fan it CBS en de RDW. Se binne foar it grutste part basearre op sifers út 2016.

(advertinsje)