De ûnsichtbere wrâld sichtber makke op Skylge

20 jun 2018 - 23:00

It is sa lyts, dat je in sterke mikroskoop nedich ha om it te sjen: keizelwier (yn it Nederlânsk: kiezelwier). Under de namme Frustule binne op it strân fan Hoarne op Skylge de iensellige algen sichtber makke troch keunstners Charlotte 't Hart en Karin van der Veen. Se hawwe spesjaal foar Oerol skeletten meitsje litten fan de organismen.

'Smurrie'

Charlotte 't Hart hat in fassinaasje foar keizelwieren. Se is waadgids foar de Waadferiening en krige sa te hearren oer it organisme. "Het is die bruine smurrie die je wel op het wad ziet liggen. Een ééncellige alg," seit 't Hart. "Toen ik daarover hoorde, wist ik dat ik er later iets mee zou moeten doen. Het is een wereld waar we eigenlijk niets vanaf weten."

Tegearre mei Karin van der Veen hat se besocht de keizelwieren foar it ljocht te bringen. By in glêsblazer hawwe se skeletten meitsje litten en der is muzyk komponearre dy't yn de glêzen skeletten ôfspile wurdt.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Ynkrûpe

Besikers fan dizze Oerol-ekspedysje krije earst in ferhaal te hearen. Dan wurdt besocht in byld fan it libben fan de keizelwieren te jaan. Dêrnei kinne je op it strân mei de holle letterlik yn de skeletten krûpe en hearre je de muzyk. "Mensen worden er heel rustig van", seit Van der Veen. "Ik hoop dat ze zo een beetje ervaren, hoe het is een kiezelwier te zijn."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De glêzen skeletten binne te finen op it strân by Hoarn. It keunstprojekt hat de namme Frustule en is fergees tagonklik.

(advertinsje)