Hartthijs de Vries bemachtiget staazjekontrakt by LottoNL Jumbo

Hurdfytser Hartthijs de Vries fan Kollum is woansdeitejûn yn Emmen as twadde einige yn de tiidrit fan de Topkompetysje. Dat skriuwt RTV Drenthe. De Vries moast 25 sekonden tajaan op de winner fan de tiidrit, Dion Beukeboom. Dy fytste de 28 kilometer yn 34 minuten en acht sekonden.
Hartthijs de Vries © www.orange-pictures.nl
Troch it twadde plak fan Hartthijs de Vries hat er himsels wol fersekere fan de einoerwinning yn it jongereklassemint. Dat leveret de 21-jierrige Kollumer in staazjekontrakt op by team LottoNL Jumbo.
De Vries hie dit seizoen al in kontrakt by Roompot bemachtige, mar moast troch problemen mei syn hert in stapke werom dwaan.